
It jier hat bylden boud en wiske; 0wij stoarje troch it keamersrút - 0it krúspunt smeult, der twirret jiske, 0in pylk set noch de himel út. 00As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it krijt allegear syn gerak yn dizze unike kronyk. Soms mei in lichtere toan om it út te sjongen. Ek mei de fraach oft der noch wat te kiezen falt yn in tiid dat neat mear te rymjen is. 00Ik sis, ik soe de kar ha wolle, 0mar oars as rymje kin ik net: 0tefolle wanklank yn 'e holle, 0en oeral wurde klokken let.
Page Count:
92
Publication Date:
2017-01-01
ISBN-10:
9492176424
ISBN-13:
9789492176424
No comments yet. Be the first to share your thoughts!