
"Trinus Riemersma (1938-2011) kaam yn 1964 mei syn debút Fabryk daliks foaroan te stean yn it Fryske literêre fermidden en dat is altyd sa bleaun. Hy rekke ferneamd om syn fermogen ta polemyk en syn ferlet om hieltyd nije literêre eksperiminten oan te gean. Syn Frysk taalgebrûk wie útsûnderlik linich. Hy folge altyd syn eigen paad en gie geregeld yn tsjin gongbere mieningen. Hy wie wis fan syn eigen literêre kapasiteiten, mar woe net nei de eagen sjoen wurde. Bytiden wie er dwers en obsternaat, mar hy koe ek sentiminteel wêze. Yn dizze biografy komme neist syn literêre karriêre ek syn libbensrin en de ferbiningen tusken beide oan 'e oarder. Alle kanten fan syn karakter krije oandacht. De titel Der is neat om glêd te striken, is keazen om't Trinus altyd earlik wie, tsjinoer himsels en ek tsjin oaren. Hy hie der gjin ferlet fan om saken ûnder it kleed te feien. Dat kredo jilde ek foar de biograaf.".
Page Count:
456
Publication Date:
2024-01-01
ISBN-10:
9083468909
ISBN-13:
9789083468907
No comments yet. Be the first to share your thoughts!